De leukste Fryske Kroechkwis ynkoarten op De Lemmer!

flyer Fryske Kroechkwis De Lemmer
Op freed 24 maart om 20:00 oere organisearret Praat mar Frysk fan de Afûk in Fryske Kroechkwis yn ytkafee ‘Lange Piet’ op De Lemmer! Meidwaan? Jou dy mei dyn team (1-6 persoanen) op fia praatmarfrysk@gmail.com en wa wit winne jim de haadpriis!
Der is muzyk, der is bier, der is fris en fansels de leukste fragen oer De Lemmer en Fryslân! De presintaasje is yn hannen fan stand-up comedian Douwe Gerlof Heeringa.
De Fryske Kroechkwis wurdt mei mooglik makke troch ytkafee ‘Lange Piet’, Sonnema, Weidenaar Woarst, drukkerij Van der Eems en de Afûk. Heel graach oant sjen op freed 24 maart op De Lemmer!

flyer Fryske Kroechkwis De Lemmerhttp://www.praatmarfrysk.nl/

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *